Earste oerwinning fan it jier foar kuorballers LDODK

27 jan 2018 - 21:41

Nei trije wedstriden sûnder oerwinning stapten de kuorballers fan LDODK sneontejûn wer ris as winners fan it fjild. Op De Gordyk wiene sy mei 36-26 te sterk foar DVO, wêrtroch't de ploech fan trainer Erik Wolsink goede saken die yn de striid om in plak yn de play-offs.

LDODK pakte fuortendaliks it inisjatyf en dat resultearre yn in 15-11 foarsprong by it skoft. Nei de tee bleau LDODK de bettere en wûn úteinlik mei tsien doelpunten ferskil. LDODK'ers Erwin Zwart en Marjolijn Kroon wiene elk goed foar sân doelpunten. Ek André Zwart (6), Diana van der Vorst en Femke Faber (elk 5) wienen op dreef.

Folgjende wike snein spilet LDODK thús tsjin KZ.

Trefwurden: 
LDODK DVO kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)