Karnavalsferiening nimt Snitsers yn maling mei 'fontein'

Der wie in soad krityk op de lokaasje en it ûntwerp fan de fontein dy't by de Wetterpoarte yn Snits stean komme soe. Om de Snitsers der alfêst in bytsje oan wenne te litten, hie in oantal minsken in prototype fan de fontein op it wetter pleatst. Gelokkich foar in soad Snitsers die bliken dat it om in grap fan de lokale karnavalsferiening gie.
"Dit is echt in stunt fan de karnavalsferiening", seit ien fan de betinkers fan de grap. "It is ek as in serieus prototype nei bûten brocht, want wannear'tst in stunt betinkst, is it wol de bedoeling om dêr safolle mooglik publisiteit mei te lûken." Hoelang't it prototype, in houten boerd mei de foto fan de karnavalsprins, yn it wetter stean bliuwt, is net bekend.