"It frije karakter fan dizze wet moat elkenien gund wurde"

27 jan 2018 - 20:29

Winkeleigeners meie aanst sels harren iepeningstiden bepale en hoege net mear ferplicht iepen te wêzen. It kabinet komt mei regels tsjin it ferplicht iepen wêzen fan winkels, skriuwt steatssekretaris Mona Keijzer fan Ekonomyske Saken yn in brief oan de Twadde Keamer.

De wetsferoaring stiet los fan keapsneinen. Gemeenten bepale it oantal dagen yn it jier wêrop't winkels op snein harren doarren iepen dwaan meie. Yn Drachten bliuwe de winkels op snein foarearst noch ticht, mar de wetsferoaring kin der wol ta liede dat dit yn de takomst feroaret, tinkt sintrummanager Trea Westra.

"Dizze wet makket mooglik dat guon winkels dy't net iepen wolle op snein sels de frijheid hawwe", seit Westra. "Asto ûndernimmer bist, kinst oan de iene kant net bepale om iepen te moatten, mar kinst ek net sizze dat oare ûndernimmers net iepen meie. It frije karakter fan dizze wet moat elkenien gund wurde."

Trefwurden: 
winkel keapsnein Trea Westra
(advertinsje)
(advertinsje)