Letitia de Jong rom oan de lieding op NK sprint yn Thialf

27 jan 2018 - 18:12
Letitia de Jong - Foto: www.orange-pictures.nl

Letitia de Jong giet nei de earste dei rom oan de lieding op it NK sprint yn iisstadion Thialf. De 24-jierrige Feanwâldster waard twadde op de 500 meter yn 38.78 en wûn de 1000 meter mei 1.16.15. Anice Das wûn de 500 meter yn 38.76 en waard twadde op de 1000 meter yn 1.17.16. Das, se rydt de 500 meter op de Olympyske Spelen, stiet twadde yn de tuskenstân. De sprintkampioene fan 2016, Sanneke de Neeling, stiet tredde en Sanne van der Schaar fjirde. Ireen Wüst hold nei de 500 meter op mei it NK sprint. Letter ried se noch wol in 3000 meter as training foar de Olympyske Spelen. Mei 4.05.83 wie Wüst rapper as de froulju op it NK allround.

By de manlju stiet Dai Dai Ntab boppe-oan. Hy wûn de 500 meter mei 34.87 en waard fjirde op de 1000 meter. Hein Otterspeer sit deun efter Ntab en ek tredde man Thomas Krol hat noch folop kâns. Jesper Hospes stiet nei de earste dei alfde.

Op it NK allround giet by de froulju Annouk van der Weijden oan de lieding. Van der Weijden rydt op de Olympyske Spelen de 5000 meter en de massastart. Yn Thialf wûn se de 500 meter (40.02) en de 3000 meter (4.07.89). Linda de Vries waard beide kearen twadde.

By de manlju hat Marcel Bosker de lieding. Bosker waard twadde op de 500 meter (36.73) en wûn mei oermacht de 5000 meter (6.23.29). Lex Dijkstra stiet twadde yn de tuskenstân. Marwin Talsma waard foarlêste op de 500 meter (39.69) en tredde op de 5000 meter (6.30.64). Hy stiet op it tsiende plak nei de earste dei.

Trefwurden: 
reedriden NK Letitia de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)