Man lûkt oan hânrem by 120 km

12 jun 2012 - 09:54

Op de A6 by Eastersee is moandei in auto fan 'e dyk rekke trochdat de byrider oan de hânrem luts. De 24-jierrige Ljouwerter siet by syn 23-jierrige freondinne út Grins yn de auto. Underweis krigen se spul en de man frege syn freondinne om de auto oan de kant te setten, sadat hy der út koe. Doe't de freondinne dat wegere luts hy oan de hânrem wylst se in snelheid hiene fan 120 kilomter yn 'e oere.

De frou ferlear de macht oer it stjoer, slipte en de auto bedarre tsjin in stek. De man hat in bekeuring krigen foar syn aksje.

Trefwurden: 
Eastersee hânrem
(advertinsje)
(advertinsje)