Oerwinning foar ONS Snits nei doelpuntrike slotfaze

27 jan 2018 - 17:11

Even tocht ONS Snits dat it mei in lyk spul fan it fjild stappe soe, mar yn de lêste sekonde fan de wedstriid soarge Genridge Prijor derfoar dat de Snitsers sneontemiddei dochs noch wûnen fan Jong FC Volendam. Op it eigen Sudersportpark wie de ploech fan trainer Chris de Wagt, nei in doelpuntrike slotfaze, mei 3-2 te sterk foar de beloften út Volendam.

Healwei de earste helte kaam ONS Snits op foarsprong. Tom Arissen kopte de Snitsers út in hoekskop fan nijeling Samir Merraki op 1-0. Krekt foar it skoft wie de fan IJsselmeervogels hierde Merraki ticht by de 2-0, mar syn skot waard krekt fan rjochting feroare.

Tsien minuten nei de tee wreide ONS Snits de skoare út. Middenfjilder Michael Lanting brocht Curty Gonzales yn stelling en de topscorer fan de Snitsers wist wol ried mei it bûtenkânske: 2-0. Yn de slotfaze skoarde Marco Tol de oanslutingstreffer foar de Volendammers en dus waard it noch even spannend yn Snits. Wat hjit, de besikers kamen sels op likense hichte troch Kevin van Gasteren. Yn de lêste sekonde soarge Prijor derfoar dat de trije punten dochs noch yn Snits bleaune.

Takom wike spilet ONS Snits tsjin de beloften fan Almere City FC.

ONS Snits - Jong FC Volendam 3-2 (1-0). 25. Tom Arissen 1-0, 55. Curty Gonzales 2-0, 86. Marco Tol 2-1, 90. Kevin van Gasteren 2-2, 90. Genridge Prijor 3-2. Giele kaart: Jordy Hilterman (Jong FC Volendam).

(advertinsje)
(advertinsje)