Harkemase Boys pakt punt troch let doelpunt Schrijver

27 jan 2018 - 16:38

Troch in goal yn de lêste minút fan Ezra Schrijver hold Harkemase Boys sneontemiddei in punt oer oan de útwedstriid tsjin ODIN'59. Koart foar tiid like de ploech fan trainer Henk Herder troch in goal fan Nicky Eekhout te ferliezen, mar ynfaller Schrijver bepaalde oars. Yn Heemskerk waard it 1-1.

Nei in kertier spyljen krige ODIN'59 twa goede kânsen de skoare te iepenjen, mar de latte en keeper Erick Jansema leien yn 'e wei. Healwei de earste helte krige Kevin Mennega fan de besikers in goede mooglikheid, mar hy skeat de bal oer. Dêrnei hold Jansema Jeffrey Klijbroek fan de thúsklup twa kear fan skoaren ôf, wêrtroch't beide ploegen rêsten giene mei in 0-0 tuskenstân.

Yn de rin fan de twadde helte kaam ODIN'59 op foarsprong troch in doelpunt fan Eekhout. Dêrnei moasten de Harkiten yn de efterfolging. Tweintich minuten foar it ein wie Erich Jongeling mei in kopbal tichtby, mar de lykmakker levere dat net op. Dy foel úteinlik wol. Pas yn de lêste minút skeat ynfaller Schrijver Harkemase Boys nei in punt.

Folgjende wike spilet Harkemase Boys tsjin Jong FC Volendam.

ODIN'59 - Harkemase Boys 1-1 (0-0). 53. Nicky Eekhout 1-0, 90. Ezra Schrijver 1-1. Giele kaart: Johnny de Vries (Harkemase Boys).

(advertinsje)
(advertinsje)