Brûnzen medaljes foar Ariëns en Walsma op Weissensee

27 jan 2018 - 15:31

Op it Iepen NK maraton yn Eastenryk hawwe reedriders Crispijn Ariëns en Aggie Walsma sneontemiddei elk in brûnzen medalje wûn. By de manlju moast Ariëns fan Wolvegea op de Weissensee de bruorren Hoolwerf, Bart en Evert, foar gean litte. Bart pakte de oerwinning, Evert it sulver.

Saai wie it beslist net yn de finale fan de wedstriid. Arjan Stroetinga fan Wynjewâld kaam yn oanfarring mei Gary Hekman. Beide riders krigen it dêrtroch nei de finish mei-inoar oan 'e stôk. Fan de skiedrjochters krige Stroetinga twa reade kaarten. It is noch net bekend wat de gefolgen binne foar Stroetinga en kommende wedstriden op de Weissensee.

Krekt as by de manlju, waard der ek by de froulju in Fries tredde. Walsma, reedrydster út Boalsert, pakte dêr it brûns. De winst gie nei Lisa van der Geest. Clarissa van Maaren einige foar Walsma op it twadde plak.

(advertinsje)
(advertinsje)