Plysje hâldt Ljouwerter oan nei helen stellen fyts

Fytsen © Omrop Fryslân
In 21-jierrige Ljouwerter is sneontemoarn oanholden as fertochte fan it helen fan in stellen fyts. Plysjes seagen de man mei twa fytsen op de Hollanderdyk. Op de Skrâns joech de man ien fan de fytsen oan in oare man. Doe't de plysje de manlju kontrolearre, die al gau bliken dat ien fan de fytsen stellen wie. De oanholden Ljouwerter sit noch fêst foar fierder ûndersyk.