H'fean oefenet tsjin 1.FC Köln

12 jun 2012 - 09:25

It oefenprogramma fan SC Hearrenfean krijt hieltyd mear foarm. Nei wedstriden tsjin Eindhoven, Waasland Beveren en Beerschot, is de folgjende tsjinstanner 1.FC Köln.
Op 28 july oefenet SC Hearrenfean yn it eigen stadion tsjin de âld-ploech fan ynternasjonal Lukas Podolski.

Foar de nije spits fan SC Hearrenfean, Mark Uth, wurdt it in spesjaal duel. Köln is de âlde klup fan Uth en makke koartlyn de oerstap nei Fryslân. 1.FC Köln degradearre dit seizoen op 'e lêste dei út de Bundesliga. Podolski stapt dizze simmer oer nei Arsenal.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)