Auto en buske botse yn Ljouwert

27 jan 2018 - 13:39

By in ûngelok tusken in auto en in buske op de Mercuriusstrjitte yn Ljouwert binne sneontemiddei twa minsken ferwûne rekke. De helptsjinsten rieden massaal út, de slachtoffers waarden mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It ûngelok ûntstie nei alle gedachten troch in foarrangsflater fan ien fan de bestjoerders. De plysje sil dat ûndersykje.

 

Trefwurden: 
botsing ferwûne
(advertinsje)