Ljouwerter rêdt man út it wetter

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In Ljouwerter (37) hat freedtenacht it libben fan in stedsgenoat (38) rêden. De 38-jierrige man wie ûnder ynfloed fan GHB op de Oldegaliëen te wetter rekke. De 37-jierrige man hold de drinkeling mei ien hân boppe wetter en belle mei de telefoan yn de oare hân de helptsjinsten.

Twa plysjes koene de Ljouwerter út it wetter helje. It slachtoffer is swier ûnderkuolle mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.