Minsken mei de skrik frij by 'flipperkast-ûngelok'

27 jan 2018 - 12:02

Ynsittenden fan in auto kamen sneontemoarn mei de skrik frij by in apart ûngelok op de Sintrale As by Burgum, wêrby't de auto oan wjerskanten fan de dyk tsjin de fangrail kletste. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt, nei't de auto yn de rjochterberm bedarre. De auto skeat nei de middenberm, botste dêr tsjin de fangrail en skeat op 'e nij de dyk oer om lang om let oan de rjochterkant tsjin de fangrail ta stilstân te kommen.

De ynsittenden binne troch meiwurkers fan de ambulânse ûndersocht, mar mankearden neat. In berger hat de skansearre auto fuorthelle. De rjochterrydstrook wie fanwege it ûngelok in skoft ôfsletten.

(advertinsje)