Urker fiskkotter freedtenacht wer loslutsen by Pollendaam
De Urker fiskkotter dy't freed by de Pollendaam by Harns fêst kaam te sitten op see, is freedtenacht loslutsen troch rederij Noordgat en it multicat-wurkskip Odin. De kotter leit no feilich yn de haven fan Harns. Ut ûndersyk docht bliken dat de kotter gjin skea oan it ûngelok oerhâlden hat.