"Dat is je biologische vader, en ik voelde helemaal niks"

Hoe't in lyts donker jonkje boargemaster waard yn Fryslân. Sa begûn Tjeerd van der Zwan freedtejûn syn ferhaal mei de Winterjûnenocht. De boargemaster fan Hearrenfean fertelde in hiel persoanlik ferhaal. In ferhaal oer oars wêze, oer tankberens foar de kânsen dy't hy krige yn Fryslân en oer syn âlden. In ferhaal dat begjint oan de oare kant fan de wrâld.

De mem fan boargemaster Van der Zwan waard yn 1934 berne yn Nederlânsk-Ynje. Syn pake wie in blanke Hollanner, syn beppe heal Yndysk. Doe't Japan yn 1942 de macht oernaam kamen alle famyljeleden yn ferskate Jappekampen telâne. "Mijn moeder heeft geen trauma's aan die tijd overgehouden, alleen een enorme haat tegen Japanners. Een Japanse auto kon niet en ik mocht met elk vriendinnetje thuiskomen, als ze maar geen Japanse was."
Nei Nederlân
Nei de Japanske besetting komt de famylje nei Nederlân. Se kinne hjir har draai net fine en gean nei trije jier werom. "Voor mijn moeder de mooiste jaren van haar leven." Se treft in Yndonezyske militêr, mar har âlden keure de relaasje net goed. As se yn ferwachting rekket, stjoere se har nei Nederlân. Hjir wurdt de lytse Tjeerd berne.

Se trout mei in Nederlânske man. Tjeerd van der Zwan wit net better as dat dat syn heit is. Hy krijt healsuskes en healbroerkes. "Op deze foto zie drie blanke meisjes en een jongetje met een duidelijk donkerder huidskleur, maar dat zagen wij toen niet." Dat wurdt letter wol oars.
Konfrontaasje
Van der Zwan groeit op yn Swolle. "Mijn moeder had mij altijd gezegd dat ik wanneer ik een meisje zou ontmoeten, ik mij voor moet stellen aan haar ouders. Dat deed ik, maar toen kreeg ik terug dat ze niet meer met me om mocht gaan omdat ik zwart was." Ek by it stappen wurdt hy konfrontearre mei syn donkere hûdskleur. Hy wurdt yn alle kroegen wegere. It docht wat mei syn selsbyld, hy tocht dat der wat mis wie mei him.

It is yn dizze tiid dat syn âlden him fertelle dat syn biologyske heit yn Yndonezië libbet. "Ik nam het voor kennisgeving aan en stopte het weg." Yn Ljouwert begjint hy oan de learare-opleiding. Hy fynt it hjir in 'verademing', koe yn alle kroegen telâne "Ik had niet het idee dat op kleur werd gekeken. Leeuwarden heeft mij mijn zelfvertrouwen weer terug gegeven, daar ben ik Leeuwarden, Friesland, nog altijd dankbaar voor."
Syktocht nei biologyske heit
Op syn 25ste freget syn mem him en syn frou Baukje mei nei Yndonezië, se wol harren sjen litte wêr't se weikomt. As se der binne blykt dat se ek op syk wol nei syn biologyske heit. It slagget him op te spoaren, mei omdat it in belangrike rike sakeman is yn Yndonezië. Yn dy tiid, jierren '70, wie Soeharto dêr de baas. Hy wie dêr presidint wurden nei in soad geweld. As je dêr saken dwaan woenen moasten je je konformearje oan syn rezjym, in rezjym fan korrupsje dêr't Van der Zwan him absolút net yn fine kin. "Dat benauwde mij enorm."

"Dan komt daar een meneer aan, waarvan anderen zeggen, die lijkt heel erg op jou, maar dat zie ik helemaal niet, en dat is jouw biologische vader en ik voelde niks." It slagget net om écht persoanlik kontakt te krijen en dy muorre tusken Van der Zwan en syn biologyske heit sil der altyd bliuwe. Fia syn mem hâlde se wol kontakt en se treffe mekoar letter ek wol yn Nederlân, mar it kontakt bliuwt opperflakkich.

Nei 2000 heart hy ynienen neat mear út Yndonezië. As it te krijen hat mei de ein fan de machtsperioade fan Soeharto wit hy net. Mooglik hat de twadde frou fan syn heit dêr ek de hân yn hân. Yn 2004 komt Van der Zwan der achter dat syn biologyske heit ferstoarn is.

Harkje foar it hiele ferhaal nei de reportaazje mei boargemaster Tjeerd van der Zwan yn Buro de Vries.