Harry v/d Molen 21 op CDA-list

12 jun 2012 - 07:26

Harry van der Molen fan Ljouwert stiet op nûmer 21 fan de CDA-list foar de kommende ferkiezings foar de Twadde Keamer. By de foarige ferkiezings stie hy op nûmer 44. Moandeitejûn waard al bekend dat Sander de Rouwe fan Boalsert op nûmer trije stiet. Mei Van Haersma Buma as listlûker hat Fryslân trije kandidaten by de earste 21 fan de CDA-list. Harry van der Molen is fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeente Ljouwert.

Joop Atsma fan Surhústerfean stiet net op de advyslist foar de kommende ferkiezings.

(advertinsje)
(advertinsje)