Plysje nimt saak mei fytsen op spoar heech op

27 jan 2018 - 10:50
  • Plysje nimt saak mei fytsen op spoar heech op
  • Plysjewurdfierder Anne van der Meer

It ûngelok op it spoar by De Westereen, wêrby't in stoptrein oer fiif fytsen hinne ried, hie hiel oars ôfrinne kinnen. Neffens de plysje hie de trein ûntspoare kind, as it in sneltrein west hie, want dy rydt op dat stik mear as 100 kilometer de oere. De stoptrein dy't freedtejûn op de fytsen botste, ried mei sa'n 40 kilometer in stik stadiger.

De plysje giet dêrom by it ûndersyk út fan besykjen ta deaslach. Unbekenden leine freed oan de ein fan de jûn fiif fytsen op de oergong by it stasjon. De trein fan Grins nei Ljouwert mei sa'n 75 passazjiers ried der oerhinne. It ûnderstel fan de trein en trije fytsen rekken dêby skansearre. De passazjiers binne mei in oare trein nei harren bestimming brocht. De plysje wit fan guon fytsen fan wa't se binne, mar ropt de eigeners fan de oare fytsen op om harren te melden. De fytsen binne nei it plysjeburo yn Dokkum brocht. De plysje ropt tsjûgen op om harren te melden.

(advertinsje)