Binnenstêd Ljouwert om 16.00 oere ticht foar auto's

27 jan 2018 - 10:34

Fanwege de iepening fan Kulturele Haadstêd 2018 sneontejûn troch kening Willem-Alexander en keninginne Máxima is it sintrum fan Ljouwert fan sneontemiddei 4 oere oant sneontejûn 11 oere ôfsletten foar auto's. Besikers dy't dochs mei de auto nei Ljouwert komme, moatte dy oan de râne fan de stêd parkeare. By it WTC expo is in grut parkearterrein ynrjochte. Minsken kinne de auto dêr foar 6 euro parkeare en wurde dêrfoar ek mei bussen nei it stasjon brocht.

Ferfierder Arriva set de hiele jûn mar leafst 80 ekstra bussen yn om de tûzenen besikers te ferfieren. De regionale Arrivatreinen út Grins, Starum en Harns binne sneon ekstra lang om safolle mooglik minsken meinimme te kinnen. Foar fytsers wurde ekstra rekken delset oan de râne fan it sintrum. De fytsestalling oan it Saailân is sneon ticht, mar dy oan de Sint Jacobsstrjitte en by it stasjon binne wol iepen. 

(advertinsje)
(advertinsje)