Plysje lit Drachtster jonges fyts út sleat helje

27 jan 2018 - 09:49

Twa Drachtster jonges moasten freedtejûn fan de plysje de fyts út it wetter lâns de Suderhegewei helje, dy't se der earder sels ynsmiten hiene. De plysje koe de twa efterhelje en wârskôge de âlden. Mei help fan in dreg hawwe de jonges de fyts út it wetter helle. Se krigen boppedat in bekeuring en binne oanmelden by it buro Halt.

De plysje yn Drachten siket ek noch de bestjoerder fan in auto dy't freed op de Folgeraleane rjochtút oer in rotonde ried. De bestjoerder is oanslutend trochriden. 

Trefwurden: 
fyts selat sleat
(advertinsje)