Ljouwerter plysje hellet dronken sliepers fan de dyk

27 jan 2018 - 09:31

De helptsjinsten en de plysje yn Ljouwert hiene it freedtenacht drok mei minsken mei tefolle drank op. Op it Naauw lei in 37-jierrige man sûnder fêst wenpak op strjitte te sliepen. De man wie ûnder ynfloed fan drank en mooglik ek fan GHB. Hy is mei de ambulânse nei sikehûs MCL brocht.

Koart dêrnei waard de plysje oproppen foar in 20-jierrige Ljouwerter dy't stomdronken op strjitte by de Wuttelhaven lei. De man is neisjoen troch meiwurkers fan de ambulânse, krige in proses-ferbaal en is dêrnei troch de plysjeminsken nei hûs brocht.

Trefwurden: 
dronken
(advertinsje)