Kollum: "Hulde oan de rottefangers"

"It moaiste oan kranteberjochten binne faak de reaksjes op sa'n berjocht. Dizze wike binne twa rottefangers der nei in skoft tarieding yn slagge om in meunster fan in beverrôt te fangen. Even yn it koart, in beverrôt is net in oarspronklike ynwenner fan ús lân, mar komt út Súd-Amearika. Hy is hjir hinne helle omdat syn pels yn klean ferwurke waard. Der binne in stik as wat ûntsnapt en sûnt dy tiid hawwe we hjir yn Europa ek fan dizze bisten. It eksimplaar dat earne tusken Earnewâld en Grou fongen is, wie hast in meter lang en in kilo as acht swier. Krekt as muskusrotten ha se beverrotten de gewoante om gongen yn diken te graven, dy't dêrtroch sa ûndermine wurde dat se it by heech wetter bejaan kinne. No wit ik net of jimme it fernaam ha, mar it reint hjir yn Fryslân sûnt septimber hast alle dagen en sadwaande ha we hjir yn tsjinstelling ta Kaapstad in oerskot oan swiet wetter ynstee fan in tekoart. It is dus fan belang dat ús diken en oare wetterkearings goed op oarder bliuwe, oars krije we mei syn allen wiete fuotten.

Muskusrotten ha hast deselde histoarje as beverrotten. Oarspronklik út Amearika hjirhinne helle troch in graaf út Tsjechië dy't it wol aardich fûn om op harren te jeien. Mar de bisten fermearderen harren sa fluch dat se út Bohemen wei al gau Europa ynnamen en harren populaasje waard sa grut dat der yngrepen wurde moast. No is it tiid foar de oanhingers fan bisteklups om de radio mar even tydlik út te dwaan, want de wierheid hat in skel lûd en dêr kinne guon út dy fermiddens meast net sa goed oer.

Al fier foar de rottefanger fan Hamelen bestiet it berop fan rottefanger. 'Om de populatie beperkt te houden'. It bist hat de eigenskip om aaklike sykten oer te bringen en sa. Dus ha minsken fan alle tiden it bist bestriden. 'Ja, mar de muskusrot en de beverrôt binne eins gjin rotten, mar grutte wrotmûzen!' hear ik de fanatisy al roppen. Dat kloppet, mar dêrmei is de it bist noch net frijkocht om in beskerme steat te krijen. Sterker, no't we al mar ekstremer waar krije, is it hiel goed om wach te wêzen dat we lykas alle iuwen hjirfoar de populaasje beheind hâlde. As je goed oplette, kinne je sels sjen hokker skea se oanrjochtsje. No't de grûn sa fersêde is mei wetter, sjogge jo oan de sleatskanten hjir en dêr gewoan stikken fuortsakjen. Dy plakken binne faak ûndermine troch muskusrotten.

Yn de reaksjes op it artikel geane de minsken hielendal los. 'It bist hie wol nei in bistetún kinnen'. 'De beverrôt kin gongen grave en moat dêrom opromme wurde, sille we dan alle manlju ek mar opromje, want dy kinne froulju wat oandwaan'. Samar in pear reaksjes. It bist op deselde hichte stelle as de minsk.

Ik bin dan altyd wol benijd hoefolle fan dy reagearders/wrâldferbetterders neidat se harren galle spuid ha even nei de Mac geane om in BigMac op te kanen. Of in stik drûge woarst opsnije by in kâld gleske bier. Even bekomme fan alle leed dat dy earme beverrôt oandien is. De echte diehards geane fansels foar in wetterknyntsje, net wittend wat dat is. Dat sille we dan ek mar sa litte. Hulde oan alle rottefangers fan Fryslân, dy't der foar soargje dat al dy online seurkonten drûge fuotten hâlde."

27 jan 2018 - 8:29
(advertinsje)