Arrivatrein rydt oer fiif fytsen en rekket skansearre

In trein fan Arriva is freedtenacht by De Westereen oer fiif fytsen hinne riden, dy't ûnbekenden by in oerwei op it spoar steapele hiene. De masinist koe net mear op tiid remje en ried mei seker 40 kilometer de oere oer de fytsen hinne. Twa fan de fytsen kamen hielendal fêst te sitten yn it ûnderstel fan de trein. De 75 passazjiers yn de trein fan Grins nei Ljouwert binne mei in oare trein nei har bestimming brocht.

De trein rekke skansearre en moat repareard wurde. It spoar hie gjin skea. De plysje ûndersiket de saak en giet dêrby út fan besykjen ta deaslach. Guon treinen ride op it stik spoar by De Westereen noch folle hurder as de trein fan fannacht. As in trein mei folle snelheid de fytsen rekke hie, dan hiene de gefolgen folle grutter west. De plysje naam trije fan de fiif fytsen mei nei it plysjeburo, om út te sykjen wa't de eigeners binne.