Sipke Hulshoff: "Miskien wol de bêste helte fan it seizoen"

26 jan 2018 - 23:50

Cambuur-trainer Sipke Hulshoff sjocht mei in goed gefoel werom op de earste helte tsjin Jong FC Utrecht. "Ik tink dat it ien fan de bêste helten fan dit seizoen wie, ast sjochst nei de kontrôle." By it skoft stiene de Ljouwerters mei 2-0 foar. Uteinlik waard de wedstriid wûn mei 3-1. Neffens oanfaller Martijn Barto siet der wol mear yn. "We hadden de voorsprong verder moeten uitbouwen, maar we mogen ook tevreden zijn met de overwinning." 

"Mijn 3-1 kwam hard aan"

Rap nei rêst kaam Utrecht mei in benutte penalty werom yn de wedstriid, mar in pear minuten letter skoarde Darren Rosheuvel de 3-1. "Mijn 3-1 kwam hard aan, omdat Utrecht weer even geloof had na hun treffer." Foar Rosheuvel wie it in spesjale jûn, omdat hy earder foar FC Utrecht fuotballe hat. Boppedat sieten der in protte bekenden foar him op de tribune. "Er was veel familie, omdat ze hier dichtbij wonen en ik speelde voor de eerste keer in de basis. Dat was echt mooi."

(advertinsje)
(advertinsje)