Jurgen Streppel: "Dit is heerlijk"

Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean is tige bliid mei de winst fan freedtejûn tsjin Sparta Rotterdam. Syn ploech wie yn it eigen Abe Lenstra Stadion mei 2-1 te sterk foar Sparta. "Dit is heerlijk. De eerste helft was oké tot goed, de tweede helft was wat minder. Maar uiteindelijk gaat het om die drie punten." En dy punten hawwe de Feansters dus te pakken.
Reza of Veerman
Streppel is tefreden mei syn kar om Reza Ghoochannejhad yn de basis op te stellen yn stee fan Henk Veerman. Reza skoarde de 1-1. "Wij hadden verwacht dat Reza voor deze wedstrijd wat meer geschikt zou zijn. En dat bleek uiteindelijk ook zo." Hy besjocht de kommende tiid fan wedstriid oant wedstriid oft Reza of Veerman yn de basis spylje sil. "Ik heb vertrouwen in beide spelers, dus ik ben erg blij dat ik ze beide in mijn ploeg heb", seit Streppel.
Dumfries
Denzel Dumfries skoarde it winnende doelpunt tsjin syn âlde klup Sparta. "Ik ben erg blij dat ik scoorde en dat ik belangrijk was voor het team. Maar ik was niet bezig met Sparta. Maar Sparta zit wel in mijn hart en ik hoop dat ze het redden dit seizoen." Ek wie Dumfries optein oer it nivo fan syn ploech: "We laten zien dat we echt goed kunnen voetballen. Dat is heerlijk en dit moeten we vast zien te houden."