Grutte drokte by ôftraap LF2018, tûzenen harkje nei ferhalen

26 jan 2018 - 23:14

Kulturele Haadstêd 2018 is los. Tûzenen minsken ha ferspraat oer de folsleine provinsje nei mekoars ferhalen lústere by de ôftraap fan it iepeningswykein. En dêrmei wie it earste evenemint, de '2018ferhalen', in grut súkses dêr't de organisaasje fan LF2018 tige wiis mei is. "It fielt as de jûn foar de Alvestêdetocht yn 1997. Dat gefoel fan dat der wat gruts bart. En dat wy grutsk op Fryslân binne en dat graach oan de hiele wrâld sjen litte wolle."

"Utsûnderlik drok"

"Oan alle kanten brûst it yn Fryslân", seit de organisaasje. Foar in freedtejûn wie it útsûnderlik drok yn Ljouwert. It wie tige drok op de plakken dêr't de ferhalen ferteld en belústere wurde koene. Sa siet de nije biblioteek yn Ljouwert grôtfol. Elske DeWall fertelde dêr har persoanlike ferhaal oer har heit en soantsje Herre. Ek yn it Fries Museum en it kantoar fan Kulturele Haadstêd yn de Blokhûspoarte koene der gjin minsken mear by.

"Alle jierren dwaan"

Bûten Ljouwert wie de drokte der net minder om. In soad minsken hawwe yn Noardburgum it ferhaal oer de histoarje fan de autocross besocht en der stiene rigen foar it Planetarium yn Frjentsjer. Minsken moasten dêr in ronde wachtsje oant se it planetarium yn koene. "Sa'n evenemint as jûn soene we alle jierren dwaan moatte", wiene de reaksjes dêr op strjitte yn Frjentsjer.

De Krûdhof yn Bûtenpost hie sa'n 250 besikers. Koördinator Karin Hoogterp fan de Krûdhof is sa bliid mei it súkses, dat der no al in nije edysje pland is.

Omrop Fryslân wie live by it evenemint. Ferslachjouwers ha út fiif ferskate plakken rûnom yn de provinsje wei ferslach dien.

Live

It grutte iepeningsfeest fan Kulturele Haadstêd 2018 giet sneontejûn op ferskate plakken yn de stêd los. Omrop Fryslân komt fan 20.30 oere ôf mei in live telefyzjeprogramma oer LF2018 en de iepening.

(advertinsje)
(advertinsje)