UNIS Flyers wint mar krekt fan Zoetermeer

© fotopersbureau MartindeJong
UNIS Flyers hat freedtejûn de kompetysjewedstriid mar krekt wûn fan Zoetermeer Panters. It team fan coach Mike Nason wie yn Zoetermeer mei 3-2 te sterk, nei de perioadestannen 0-1, 1-1 en 1-1. De goals waarden makke troch Ernesto Klem, Adam Bezak en Marco Postma.
UNIS Flyers, no wer de nûmer twa fan de BeNe-league, kaam nei in kertier spyljen op foarsprong troch Klem. Leechfleaner Zoetermeer, de nûmer foarlêst yn de kompetysje, kaam yn de twadde perioade op gelikense hichte troch Cas Staps. Adam Bezak soarge koart dêrnei wer foar de Feanster foarsprong. Yn de tredde perioade kaam Zoetermeer werom oant 2-2 troch in goal fan Ludek Skop. Uteinlik wie it UNIS dat de winst pakte, trochdat Marco Postma de 3-2 krekt binnen de tiid wist te skoaren.
Sneon spylje de Flyers alwer tsjin Zoetermeer. Dan wurdt der yn Thialf spile.