SC Cambuur set hikkesluter Jong FC Utrecht oan 'e kant

26 jan 2018 - 21:52

Sûnder al te grutte problemen hat SC Cambuur freedtejûn wûn fan Jong FC Utrecht. De Ljouwerters setten de nûmer lêst fan de Jupiler League mei 3-1 oan 'e kant. De doelpunten kamen op namme fan Nigel Robertha, Martijn Barto en Darren Rosheuvel.

Cambuur naam op it sfearleaze fjild fan IJsselmeervogels yn Spakenburg al betiid it inisjatyf en stie nei in lyts healoere op 2-0 troch doelpunten fan Robertha en Barto. De Ljouwerters kontrolearren de wedstriid, mar krigen betiid yn de twadde helte in penalty tsjin. Dy waard ynsketten troch Nick Venema, wêrtroch't de foarsprong fan Cambuur weromrûn nei 2-1. Dochs waard it net echt mear spannend, om't Darren Rosheuvel (eks-FC Utrecht) inkelde minuten letter foar de 3-1 tekene.

De Ljouwerters krigen noch in oantal kânsen om de skoare fierder út te bouwen, mar it bleau 3-1 foar Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)