Grutte sykaksje yn Drylts

12 jun 2012 - 06:31

Yn Drylts is moandeitejûn grut alarm slein, neidat der in autopet fûn wie by it wetter neist de Sudergoawei. De brânwacht fan Drylts, de dûkers fan Snits, plysje, ambulânses en de traumahelikopter waarden ynsetten, mar der waard neat fûn.

Even letter stapte der in frou út in auto dy't yn de wâl begûn te sykjen. Se socht om in autoped dy't se dêr mei in lekke bân achter litten hie. Se wie ferbjustere troch it ferhaal dat der in grutte sykaksje op tou setten wie. Se is nei de plysje gien om har autopet op te heljen.

Trefwurden: 
sykaksje autopet Sudergoawei
(advertinsje)
(advertinsje)