Krappe oerwinning Sportklup Hearrenfean op Sparta

Sportklup Hearrenfean hat freedtejûn wûn fan Sparta Rotterdam. De ploech fan trainer Jurgen Streppel sette yn it Abe Lenstra Stadion nei in betide efterstân de hikkesluter fan de earedifyzje mei 2-1 oan 'e kant. Reza Ghoochannejhad en Denzel Dumfries makken de Feanster doelpunten.
Reza Ghoochannejhad krige yn de basis de foarkar boppe Henk Veerman. Hy krige fuortendaliks in enoarme kâns op de iepeningstreffer, mar miste op in hier nei. It doelpunt foel wol oan de oare kant. Jeffrey Chabot kopte raak út in corner en sette Sparta op foarsprong. It wie lykwols Reza dy't de stân yn lykwicht brocht troch de 1-1 te skoaren en syn basisplak wier makke. Nei in rappe counter betsjinne Arber Zeneli Reza en de Iraansk international skeat de bal tusken de skonken fan de Sparta-keeper yn it doel.
Denzel Dumfries sette Hearrenfean yn de twadde helte fertsjinne op in 2-1 foarsprong tsjin syn âlde klup. De rjochtsback ferraste de ferdigening en de keeper fan Sparta mei in yndividuele aksje. Hearrenfean gie dêrnei op syk nei mear, mar fierder as de 2-1 liet Sparta it net komme.