Ljouwerter (27) mishannelet stedsgenoat en smyt ruten yn

26 jan 2018 - 21:04

In 48-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitemoarn by in fjochtpartij mishannele. De fjochterij wie ûntstean op in galerij yn de stêd. Neist de mishanneling fan de man is der in rút fan syn hûs troch in stien fernield. In oare stien is troch in rút fan in parkearre auto smiten. De plysje hat de fjochtsjende persoanen útinoar helle en in 27-jierrige fertochte út Ljouwert oanhâlden. De mishannele man is oanhâlden foar bedriging. Beide fertochten binne ynsletten en de plysje docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
mishanneling Ljouwert
(advertinsje)