Feest yn Kultureel Haaddoarp De Hoeve

26 jan 2018 - 20:52

Kultureel Haaddoarp De Hoeve hat freedtejûn har kulturele jier iepene. Mei muzyk út Opera Spangea, FFblazen en de skoalbern. It keunstwurk dat de minsken út it doarp mei-inoar boud hiene, gie yn flammen op. Want it is no 'oan oare doarpen om dizze boustiennen op te pakken'. 

De Hoeve leit yn de gemeente Weststellingwerf en hat harsels útroppen ta Kultureel Haaddoarp. It hat de minsken tichter byinoar brocht en it doarp better op 'e kaart set.

Sneon mear yn it tv-programma 'Finster op 2018', te sjen om 20.30 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)