Fiskkotter fêstrûn by Harns

26 jan 2018 - 20:14

In fiskkotter is fêstrûn op de Waadsee by Harns. De kotter leit fêst by de Pollendaam, de streamliedingsdaam dy't de fargeul nei Harns op djipte hâldt. De streamen fan heech en leechwetter rinne dêr dwers oer it farwetter en de daam. By heechwetter rinne dêr in soad skippen fêst.

De fiskkotter leit bûten de fargeul, lit Rykswettersteat witte. Der hawwe trije sleepboaten dwaande west om de kotter wer los te krijen. Dat is net slagge en dêrom sil der freedtenacht by heechwetter opnij besocht wurde de kotter los te krijen.

Trefwurden: 
Harns fiskkotter
(advertinsje)