Sander de Rouwe yn CDA-top 3

CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe fan Boalsert komt op plak trije op de list fan it CDA foar de Twadde Keamerferkiezings. De listlûker is ek in Fries, Sybrand van Haersma Buma. Mona Keijzer stiet op plak twa. Dat hat it bestjoer bekend makke.
De Rouwe is unanym keazen troch it partijbestjoer. Foar de Boalserter sels komt it as in ferrassing. Hy hie ferwachte net heger te kommen as plak tsien. Foarsitter Ruth Peetoom fan it CDA kiest der lykwols foar om mei jonge minsken de fernijing fan de partij yn te setten.