Twa himpkwekerijen oprôle yn Ljouwert

Stockfoto © Kappers Media
De plysje hat tongersdei twa himpkwekerijen yn Ljouwert oprôle. Yn in wente oan de Cambuurstraat binne in ûnbekend tal planten fûn. Twa fertochten binne yntusken heard. Yn in wente oan De Gealanden hat de plysje 462 himpplanten fûn. De planten wiene ferspraat oer twa keamers yn it hûs. De stroom wie krekt as oan de Cambuurstraat stellen.
De plysje hat de planten en de apparatuer ferneatige. De fertochte is by de plysje bekend en wurdt noch heard.