Fryske 'spearsmiter' wol mei ûnkrûdbestriding de grins oer

It ûnkrûdbestridingsbedriuw Weed Free Service út Kollum wol de grins oer. It bedriuw hat him spesjalisearre yn miljeufreonlike ûnkrûdbestriding. It rjochtet him foaral op it ferdylgjen fan agressyf groeiende planten dy't hjir fan natuere net foar komme. Dan giet it bygelyks om de reuzebeareklau en de reuzereadskonk (Japanse duizendknoop). It bedriuw wol no mei syn mobile hegedruk hytwetterynstallaasje ek nei lannen as België, Ingelân en Dútslân. It siket dêr ûndernimmers dy't mei de miljeufreonlike oanpak oan de slach wolle.
Driuwende krêft efter Weed Free Service is Harry Kloosterman fan Kollum. Hy hat de spesjale 'spearen' ûntwikkele dy't it bedriuw brûkt by de ûnkrûdbestriding. "De 'spear' is ferbûn oan de hegedruk hytwetterynstallaasje en hjirmei wurdt it ûnkrûd effektyf fuorthelle. It is in kwestje fan soarchfâldich ynstelle, ynjektearje, fêst heakje of snije en weromlûke", ferklapt Kloosterman.