Galerijen flats gefaarlik

11 jun 2012 - 21:48

De galerijen fan de flats oan de Eikenstrjitte, it Hagendoornplein en de Skieringerweg yn Ljouwert wurde ûnderstipe. It wapeningsstiel fan it beton is te tin. Oant der in oplossing is, komme der izeren peallen ûnder de galerijen mei betonblokken derop as ekstra help.

Der komt in belestingslimyt op de galerijen. Op in fjouwerkante meter mei neat swierders stean as 200 kilo. Dat hat wenningboukorporaasje Elkien moandeitejûn de bewenners fan de goed 500 wenten bekend makke. Der is gjin ynstoartingsgefaar, neffens de korporaasje.

De wenningboukorporaasje hat de flats previntyf ûndersocht. Oanlieding dêrfoar wie it ynstoarten fan in stik fan de galerij fan de Antillenflat yn Ljouwert. It plande ûnderhâld oan de flats is foarearst stillein. Der sil earst ûndersocht wurde oft in grutte renovaasje fan de flats útkin of dat it goedkeaper is de flats te slopen.

(advertinsje)
(advertinsje)