Gemeente wol behear fan swimbad De Kûpe oernimme

26 jan 2018 - 16:59
Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Achtkarspelen wol it behear en de eksploitaasje oernimme fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. No docht in stichting dat noch. 15 febrewaris sil de gemeenteried oer de plannen stimme. De gemeente soarget der as behearder foar dat De Kûpe iepenbliuwt, oant in nij swimbad klear is. Dat duorret noch wol twa jier, is de ferwachting.

De ried hat ferline jier besletten dat der in nij bad komme moat. Dat moat sa'n seis miljoen euro kostje. As it jild beskikber komt, begjint de bou nei alle gedachten takom jier. Yn 2020 moat it dan klear wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)