FB Oranjewoud nimt mearderheidsbelang yn Drukkerij de Vries

De Vries Drukkerij yn Snits © Google Streetview
Stichting FB Oranjewoud nimt in mearderheidsbelang yn Drukkerij de Vries yn Snits. Troch de finansjele ynjeksje dy't derby heart kin De Vries ynvestearje, om sa sterker te stean op de merk. It bedriuw docht yn ferpakkingen. Stichting FB Oranjewoud hat as doel om de wurkgelegenheid yn it Noarden te stimulearjen. De stifting docht dat troch jild te stekken yn bedriuwen dy't dêr in bydrage oan leverje.