Aksje foar kleasterkapel

11 jun 2012 - 20:45

De âlde kleasterkapel oan de Fiverstrjite yn Frjentsjer moat yn it sicht bliuwe. Hieltyd mear Frjentsjerters wolle dat. Troch it slopen fan in gevelwand is it âlde gebou út de Midsieuwen foar it ljocht kaam. De gebouwen makken diel út fan it eardere psychiatryske sikehûs.

Soarchorganisaasje Noorderbreedte wol op it plak nijbouwe. Dan ferdwynt de kapel wer út it sicht. Noorderbreedte hat al in boufergunning. De partij Gemeentebelangen wol dat sjoen wurdt nei in oare nijboulokaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)