Fêstiging Kijkshop yn Snits iepen foar eksekúsjeferkeap

26 jan 2018 - 15:27

De fêstiging fan de Kijkshop yn Snits giet sneon wer iepen, foar in eksekúsjeferkeap. Dat jildt ek foar tsientallen oare winkels fan de keten. De Kijkshop op It Hearrenfean bliuwt ticht. De weriepening fan de oare winkels moat de kâns op in oername grutter meitsje, seit de kurator.

Der binne al partijen dy't dêr wol wat yn sjogge. Kijkshop hat it fallisemint oanfrege, omdat it ferlies draait. Der wurkje yn totaal fjouwerhûndert minsken by it bedriuw. Hoefolle fan har wer oan de slach gean fanwege de eksekúsjeferkeap, is net bekend.

Trefwurden: 
Kijkshop Snits fallisemint
(advertinsje)
(advertinsje)