FIDEO: Gearkomste yn achttjinde-iuwske kostúms

De riedsgearkomste fan de gemeente Achtkarspelen ferrûn tongersdei wat oars as oars. De gearkomste fûn plak yn de Augustinustsjerke fan Stynsgea, mei riedsleden ferklaaid yn achttjinde-iuwske kostúms. Stynsgea is troch boargemaster Gerbrandy útroppen ta Kultureel Haaddoarp fan de gemeente. De dochs wat switterige klean wienen in earbetoan oan de lokale keunstskilder Willem Bartel van der Kooi.