Reedriders winne dit wykein recycle medaljes

26 jan 2018 - 14:52

Winners fan de nasjonale kampioenskippen reedriden yn Thialf, krije dit wykein recycle medaljes útrikt. De gouden, sulveren en brûnzen ûnderskiedingen binne nammentlik makke fan âlde mobile telefoans. It inisjatyf foar de recycle medaljes kaam de ôfrûne simmer ta stân. It reedrydbûn begûn yn gearwurking mei partners mei it sammeljen fan mobile telefoans.

Mei in ynnovative smelttechnyk binne der úteinlik medaljes fan makke. De bêste trije riders yn de ferskate kategoryen komme yn oanmerking foar sa'n bysûndere medalje.

Trefwurden: 
recycling medalje reedriden
(advertinsje)
(advertinsje)