Ferskate auto's botse op Ofslútdyk, gjin minsken ferwûne

26 jan 2018 - 14:33

Op de Ofslútdyk binne freedtemiddei ferskate auto's mei-inoar in botsing kaam. Nei alle gedachten komt dat troch de tichte mist op de dyk tusken Den Oever en Harns. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Trije auto's kinne net mear fierder ride, dêrfoar is in bergingsbedriuw oproppen.

Troch de oanriding stie der in file op de Ofslútdyk. Der wie ien rydstrook iepen foar it ferkear. Minsken dy't oer de Ofslútdyk ride, wurdt advisearre rekken te hâlden mei it minne sicht.

Trefwurden: 
Ofslútdyk botsing file
(advertinsje)