Earrebarren dea troch kjeld
De kjeld fan ferline wike hat net goed west foar jonge earrebarren. By Beetstersweach hat in tsiental it kâlde waar net oerlibbe.
Foar earrebarren is it gewoan dat se mar de helte fan de jongen grutbringe. Ferline jier wie in goed jier foar de fûgels. Doe binne in soad jongen grutbrocht.