Ekstra subsydzje foar ûndersyk nei de Waadsee

26 jan 2018 - 14:12

It monitoringskonsortium MOCO, mei dêryn ûnder oare de Ryksuniversiteit Grins en Sovon Vogelonderzoek, krijt hast in ton ekstra subsydzje. Der wurdt ûndersyk dien nei farrekreaasje en natuer yn de Waadsee. Dêrfoar wurdt dizze simmer ûnder oare in enkête hâlden yn de jachthavens ûnder boatsjefarders.

Ek komt der in groep fan praktykminsken om de monitoringsresultaten oan te skerpjen. It ekstra jild komt fan it lanlik ekspertizesintrums CELTH. Dat is in inisjatyf fan ferskate hegeskoallen yn Nederlân, dat de kennis oer toerisme fierder ûntwikkelje wol.

(advertinsje)
(advertinsje)