Anema ferfangt Feenstra

11 jun 2012 - 19:35

Keatser Alle Jan Anema fan It Hearrenfean sil efterynse Marten Feenstra fan Feinsum ferfange yn it partoer fan Martijn Olijnsma en Hylke Bruinsma. It betsjut foar Anema dat hy wer werom is op haadklassenivo.

Anema rekke op de wiete PC fan 2010 yn Frjentsjer swier blessearre oan 'e knibbel. Dit seizoen keatst er foar it earst wer yn wedstriidferbân. Marten Feenstra giet fierder mei Johan van der Meulen en Folkert van der Wei.

Trefwurden: 
keatsen Martijn Olijnsma
(advertinsje)
(advertinsje)