Freedsmerk oer LF2018: "Ik ben zo trots op de stad"

26 jan 2018 - 13:53

Ljouwert-Fryslân 2018 stiet op it punt los te barsten en dat wie ek op de Ljouwerter freedsmerk dúdlik te fernimmen. "Geweldig! Ik ben zo trots op de stad. Ik heb er hartstikke veel zin in" en "It set Ljouwert geweldich op 'e kaart. Hjir soe noch wolris in hiel soad efterwei komme kinne", wiene twa positive lûden. Der wiene ek negative reaksjes te hearren: "Ik mut der niks fan hè, it kost feul te feul" en "Hâld op, man. Al dy drokte, dêr hâld ik net fan."

In oar wie net tefreden oer de artysten: "Nynke Laverman? Wie is dat?" Dochs wiene fierwei de measten posityf. Sy neamden de reuzen it faakst as projekt om nei út te sjen. Ek waard der noch in oar projekt neamd: "It moat eins allinnich earst noch efkes goed frieze, want mei in Alvestêdetocht steane wy hielendal goed op 'e kaart."

Trefwurden: 
freedsmerk LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)