Dochs gjin prekariorjochten foar ynwenners Achtkarspelen

26 jan 2018 - 13:37

De gemeente Achtkarspelen sil derfoar soargje dat har ynwenners gjin prekariorjochten oan wetterliedingbedriuw Vitens hoege te beteljen. Dy tasizzing hat wethâlder Harjan Bruining tongersdeitejûn dien, nei't de gemeenteried in moasje mei dat boadskip yntsjinne hie. Neffens de wethâlder is de gemeente yn petear mei Vitens en hat hy der alle fertrouwen yn dat se goeie ôfspraken meitsje kinne.

Brief

Ein ferline jier krigen ynwenners fan Achtkarspelen in brief wêryn't wetterbedriuw Vitens oankundige dat se de prekariorjochten trochberekkenje oan de klanten. Neist Achtkarspelen is Tytsjerksteradiel de iennige Fryske gemeente dy't prekariorjochten opleit.

''Onze inwoners hoeven niet bang te zijn voor een extra factuur van het waterbedrijf. Zij kunnen binnenkort hierover een brief verwachten van Vitens en de gemeente'', seit Bruining.

(advertinsje)
(advertinsje)