Brêge yn Ofslútdyk reparearre, ferkear kin wer trochride

26 jan 2018 - 12:20

De reparaasje hat hast twa wiken duorre, mar de stikkene brêge yn de Ofslútdyk by Den Oever is wer reparearre. Dat betsjut dat it autoferkear wer gewoan oer de brêge kin, en de brêge ek wer iepen kin foar it skipfeartferkear.

Dat de brêge stikken wie, kaam troch in kompjûterprobleem. Dêrtroch moast it autoferkear oer de súdlike brêge ride, en dat soarge foar fertraging.

Trefwurden: 
Den Oever brêge Ofslútdyk
(advertinsje)
(advertinsje)