FIDEO: Hûnderten bern sjonge LF2018-liet 'Seis oere thús'

Hûnderten Fryske skoalbern songen freedtemiddei it liet 'Seis oere thús'. Dêrmei iepenen de bern offisjeel Ljouwert-Fryslân 2018. De skoallen dy't hjiroan meidiene, hawwe hjir filmkes fan makke en de bylden dêrnei om eksakt 12.00 oere online set. Fan dizze 'Seis oere thús'-ferzjes hawwe wy in koarte kompilaasje makke.
Troch te sykjen op de hashtag '#2018begjint' binne de ferzjes op social media te finen, bygelyks op de Facebookside fan Sjongfestival.